Nije diaken
31 okt 2015 Nije diaken
Yn de tsjerketsjinst fan 4 oktober is bekend makke, dat Frieda Kuijpers-Cnossen ree is om diaken te wurden yn de fakatuere fan Christa Sieperda-Schoot. De tsjerkeried is dêr hiel wiis mei, en hat har dan ek graach beneamd. De befestiging stiet plend foar snein 15 novimber, yn ’e tsjinst om 11 oere.
 
Foar de goede oarder wolle wy dêrby fermelde, dat Frieda dooplid is fan ús gemeente. De nije tsjerke-oarder makket dat mooglik. (Sterker noch: wy meie doopleden net iens útslute fan ferkiezing, as wy se ek stimme litte.) Wol wurdt Frieda, nei har befestiging, ynskreaun as belidend lid. Dêrnei is it oan harsels om te bepalen, oft se wol of net noch in kear belidenis dwaan wol, en eventúeel wannear.
 
Wy hoopje dat alles sa dúdlik is foar iderien, en winskje Frieda no alfêst in goede tiid ta as diaken.
 
terug